Steateseal

Provinsjale Steaten Fryslân

Wat is de Meistim-meter?

Wannear’t de ferkiezings tichterby komme, binne ferkiezingsprogramma’s foar in protte kiezers in ûnmisber ynstrumint by it bepalen fan harren kar. Yn ferkiezingsprogramma’s stiet yn faak gloedfolle bewurdingen fêstlein wêr’t in partij him de kommende fjouwer jier foar ynsette wol.

Mar wat komt der nei de stimbusútslach eins telâne fan de stânpunten dy’t partijen yn har ferkiezingsprogramma útdrage? Fiere politike partijen eins út wat sy yn ferkiezingstiid oan harren efterban belove dat sy dwaan sille? Dy gedachte is de basis efter de Meistim-meter.

De Meistim-meter is in nije online stimhelp. Yn de Meistim-meter wurde net de beloften út de ferkiezingsprogramma’s as basis naam. Der wurdt weromsjoen op it werklike stimgedrach fan politike partijen yn de foargeande perioade.

By de Meistim-meter foar Provinsjale Steateferkiezings wurdt gebrûk makke fan foarstellen fan Deputearre Steaten, moasjes en amendeminten dy’t yn de foargeande fjouwer jier yn de provinsje oan ’e oarder kaam binne. Alle grutte ûnderwerpen dêr’t de Steateleden yn de ôfrûne fjouwer jier oer stimd ha, komme yn de stellingen fan de Meistim-meter foarby.

Trochdat by de Meistim-meter gebrûk makke wurdt fan werklik stimgedrach, wurdt dúdlik wêr’t in politike partij yn werklikheid foar of tsjin stimd hat.

Underbouwing
De Meistim-meter ûnderfangt op dy wize in bekend neidiel fan de tradisjonele online stimhelpen. By in protte stimhelpen kinne politike partijen ûnkontrolearre wat beweare, sûnder dat dúdlik is oft in feitlike ûnderbouwing de grûnslach foarmet fan in bepaald polityk stânpunt.

De Meistim-meter waard foar it earst lansearre by de gemeenteriedsferkiezings fan maart 2018. De Meistim-meter foar Provinsjale Steateferkiezings yn Fryslân is yn gearwurking mei de provinsje Fryslân en Notubiz ta stân kaam. Notubiz fersoarget ûnder oare de stimmingsútslaggen en de fideo-ferslaggen fan de gearkomsten foar in grut tal provinsjes yn Nederlân.

 





Bekijkt u deze website het liefst in het Nederlands of het Frysk? Selecteer uw voorkeur.

De huidige voorkeurstaal is:

NederlandsFrysk

Om uw voorkeur later te wijzigen, klikt u op de vlag rechts bovenaan de website.