Steateseal

Provinsjale Steaten Fryslân

Hoe waard der stimd?

Hjirûnder kinne jo neisjen hoe’t de ferskate partijen yn Provinsjale Steaten yn Fryslân oer de stellingen yn de Meistim-meter stimd ha. De Meistim-meter makket gebrûk fan foarstellen en moasjes dy’t yn de ôfrûne fjouwer jier werklik yn Provinsjale Steaten yn de provinsje Fryslân behannele binne.


1. Boarrings nei oalje, gas en sâlt yn it Waadgebiet moatte stopset wurde.

Boarrings nei oalje, gas en sâlt bringe skea ta oan it Waadgebiet, stelle ferskate partijen. Sy wolle dat de boarrings stopset wurde en dat de provinsje al it mooglike docht om it gebiet te beskermjen. De boarrings liede ûnder oare ta boaiemdelgong.

Oare partijen stelle dat de ekologyske beskerming fan it Waadgebiet al genôch boarge is fia it Waadfûns. Yn tsien jier tiid wurdt 180 miljoen euro ynvestearre yn ekonomyske en ekologyske projekten yn it Waadgebiet.


2. De provinsje moat eksplisite doelen opnimme yn syn plannen foar it Feangreidegebiet.

In foarstel fan seis opposysjepartijen om it grûnwetterpeil yn it Feangreidegebiet flink te ferheegjen, koe net op genôch stipe rekkenje. It foarstel moast liede ta minder CO2-útstjit, mear fariaasje yn it lânskip, mear bioferskaat en it tsjingean fan boaiemdelgong. Mei in kosterûzing fan 1,2 miljard euro wurdt it foarstel te djoer achte. As alternatyf stelle Deputearre Steaten in tuskenstap foar. Yn in maatskiplike koste-bate-analyze wurde ferskate plannen trochrekkene. Dat foarstel sels wurdt mei algemiene stimmen oannaam, mar ferskate partijen stypje in moasje om yn dy tuskenstap eksplisite doelen en prestaasje-yndikatoaren op te nimmen.

Neffens de partijen is allinnich op dy wize dúdlik wat der barre moat op it mêd fan lânbou, ferbetterjen fan de natuer, CO2-útstjit en maatskiplike winsken. Oare partijen neame it stellen fan spesifike doelen in stap te fier en wolle yn gearwurking mei alle behelle partijen de doelen bepale.


3. Om it midden- en lytsbedriuw te stypjen, moat 32 miljoen euro yn de oprjochting fan de Fryske Untwikkelings Maatskippij (FOM) stutsen wurde.

Om it midden- en lytsbedriuw makliker tagong ta finansiering te jaan, stelle Deputearre Steaten foar om de Fryske Untwikkelings Maatskippij (FOM) op te rjochtsjen. De FOM is in finansieringsfûns fan 32 miljoen euro dat bedoeld is om ynnovaasjes en eksport te befoarderjen. Dêrneist is de FOM ornearre om nije bedriuwen nei de provinsje te lûken.

Ferskate partijen binne fan betinken dat der yn de Fryske Untwikkelings Maatskippij te min rekken holden wurdt mei duorsumens. Sy stimme om dy reden tsjin it foarstel. Boppedat komt de FOM neist de al besteande NOM, de ynvestearrings- en ûntwikkelingsmaatskippij foar Noard-Nederlân.


4. Mei in ‘Deltaplan Frysk’ moat de Fryske taal en kultuer stipe wurde.

Om de Fryske taal en kultuer foar de takomst te behâlden, stekt de provinsje 21,3 miljoen euro yn it Deltaplan Frysk. Mei dat aksjeplan, mei jild dat ôfkomstich is út de algemiene reserve, set de provinsje yn op it fersterkjen fan de posysje fan it Frysk en meartaligens.


5. De provinsje moat as doelstelling hawwe dat it tal biologyske bedriuwen jierliks mei tachtich stiks tanimt.

Frijwol unanym hawwe Provinsjale Steaten in foarstel oannommen dêr’t yn stribbe wurdt nei in duorsume, natuerynklusive lânbou yn 2025. In stikmannich partijen giet dat net fier genôch. Sy stelle dêrom foar om as doelstelling te hantearjen dat der jierliks tachtich biologyske bedriuwen by komme.

Tsjinstanners fan dat foarstel binne fan betinken dat it inisjatyf foar transysje nei biologyske lânbou út de sektor sels komme moat en dat de provinsje dêr gjin aktive rol yn hat. As oar argumint wurdt neamd dat it in ûnrealistysk doel is en de provinsje gjin middels hat om dy doelstelling te heljen.


6. It iepenbier ferfier yn de provinsje moat fan 2025 ôf emisjefrij wêze.

It iepenbier ferfier yn de provinsje Fryslân moat duorsumer wurde. Ferskate partijen stelle dat de ambysje fan de provinsje wêze moat om te stribjen nei emisjefrij by de útlit yn 2025.

De partijen stelle as betingst dat it net ta in mindere berikberens en betelberens laat. By de oanbesteging fan alle foarmen fan iepenbier ferfier sille ôfspraken makke wurde yn de keat fan produksje en gebrûk.


7. De provinsje Fryslân moat 250.000 euro bydrage oan it keunstwurk “It Hynder fan Fryslân”.

Ut de mienskip wei is it idee ûntstien om op ’e kop fan de Ofslútdyk in enoarm stielen byld fan in Frysk hynder del te setten. It idee is dat it byld in ikoan foar de provinsje Fryslân wurdt en it automobilisten om samar te sizzen wolkom hjit as sy de provinsje ynride. It Hynder fan Fryslân moat ek in stimulâns foar it toerisme wêze.

Ferskate partijen wolle de komst fan “It Hynder fan Fryslân” stypje troch 250.000 euro beskikber te stellen foar in part fan de finansiering. Net alle partijen stypje dat idee. Sy sjogge it net as taak fan de provinsje om de komst fan it keunstwurk mooglik te meitsjen.


8. De provinsje moat yn De Haach lobbye om de maksimumsnelheid yn Fryslân werom te bringen fan 130 km yn ’e oere nei 120 km yn ’e oere.

In faasje fan 130 km yn ’e oere draacht net by oan de ferkearsfeiligens en feroarsaket in protte útstjit fan CO2 en fynstof. Om dy reden is it ferstannich om de maksimumsnelheid werom te bringen fan 130 km yn ’e oere nei 120 km yn ’e oere, binne in stikmannich partijen fan betinken.

Net alle partijen binne it dêrmei iens. Neffens harren laat 130 km yn ’e oere net ta in protte ekstra útstjit fan fynstof en binne der gjin problemen mei de ferkearsfeiligens. Boppedat is by wet besletten dat de maksimumsnelheid op 130 leit, fiere sy oan.


9. Om it kulturele fjild nei LF2018 ek genôch romte te jaan, moat der in kultuerfûns fan fiif miljoen euro komme.

Ferskate kulturele ynstellings en organisatoaren fan kulturele festivals jouwe oan dat sy foar de kommende jierren mear jild nedich hawwe. Ferskate partijen binne fan miening dat it erfskip fan LF2018 inkeld mei in flinke bydrage foar kultuer feilichsteld wurde kin.

De partijen stelle dêrom foar om in Kultuerfûns fan fiif miljoen euro yn te stellen foar 2019 en 2020. In part dêrfan (1,5 miljoen) kin yn de foarm fan lieningen beskikber steld wurde foar kultureel ûndernimmerskip.

Net alle partijen binne foarstanner fan it foarstel. Sy neame it bedrach te heech en tinke dat yn it foarstel fan Deputearre Steaten foar it neilittenskip genôch middels beskikber steld binne en der al in protte jild nei de Kulturele Haadstêd gien is.


10. By Nij Hiddum-Houw moat in wynpark mei njoggen wynmûnen komme.

Foarsteld wurdt om de sechtjin wynmûnen by Nij Hiddum-Houw te ferfangen foar njoggen nije mûnen. Wynpark Nij Hiddum-Houw moat 42 Megawatt opwekke en leveret dêrmei in bydrage oan de doelstelling fan de provinsje foar wynenerzjy. Foarstanners wize derop dat it wynpark realisearre wurdt op ien fan de bêste wynlokaasjes yn de provinsje.

Net alle partijen binne foarstanner fan it wynpark. Sy stelle dat de plannen tefolle fan boppeôf oplein binne en der te min rekken holden wurdt mei beswieren fan bewenners fan it gebiet.

Foarstanners bestride dat. Om oan de beswieren fan tsjinstanners temjitte te kommen wurdt de hichte ferlege fan 208 meter nei 188 meter en is der in romme kompensaasje foar omwenners. Fierder komt der in loket foar sûnensklachten en is it op termyn mooglik dat de reade topferljochting ferfongen wurdt troch radardeteksje.


11. De provinsje moat fiif miljoen euro ekstra útlûke foar de transysje nei natuerynklusive lânbou.

Ferskate partijen yn Provinsjale Steaten wolle dat de provinsje fiif miljoen euro ekstra útlûkt om de oergong nei natuerynklusive lânbou makliker te meitsjen. Dat bedrach komt boppe-op de trije miljoen euro dy’t earder al beskikber steld waard. Dêrneist wolle de partijen dat it besteande transysjefûns oant 2022 bestean bliuwt.

Net alle partijen binne it iens mei it foarstel om ekstra jild út te lûken. Sy wize op besteande inisjativen lykas Living Lab dy’t bedoeld binne foar de stipe fan natuerynklusive lânbou. Dy foarsjennings binne neffens dy partijen al foldwaande.


12. Earst moat in weryndieling fan it loftrom komme en pas dêrnei moat de provinsje in oardiel jaan oer de plannen fan fleanfjild Lelystêd.

Foar’t oer de útwreiding fan fleanfjild Lelystêd besletten wurdt, moat der in weryndieling fan it loftrom komme. Neffens in stikmannich partijen kreëarret weryndieling fan it loftrom ekstra romte yn ’e loft. Fleantugen fan en nei Lelystêd Airport kinne dan heger fleane, sadat oerlêst foar ynwenners op oanfleanrûtes minder wurdt.

De yntsjinners fan dit foarstel wize derop dat it Ryk al yn 2009 úteinsette soe mei de weryndieling fan it loftrom, mar dat oant no ta net dien hat.

Tsjinstanners achtsje it net ferstannich om te wachtsjen mei it jaan fan in oardiel oer de plannen by Lelystêd, mar binne fan betinken dat de provinsje no al in oardiel hawwe moat en partisipearje moat yn de beslútfoarming.


13. De provinsje moat ûnôfhinklike, regionale ûndersykssjoernalistyk stypje.

De provinsje Fryslân hie in oantal jierren in provinsjaal mediafûns ta stipe fan de regionale en lokale sjoernalistyk. Troch gebrek oan kwaliteit fan de oanfragen is derfoar keazen om dat mediafûns stop te setten.

Ferskate partijen trune derop oan om it mediafûns in twadde kâns te jaan en jierliks 72.000 euro beskikber te stellen foar ûnôfhinklike kwaliteits- en ûndersykssjoernalistyk.

Tsjinstanners fan it foarstel fiere oan dat ferskate media-oanbieders bûtensletten wurde fan it fûns. Sy binne ek fan miening dat de kritearia om yn ’e beneaming te kommen foar subsydzje te skerp opsteld binne.


14. Wichtige stikken op de webside fan de provinsje moatte earst yn it Frysk te sjen wêze.

Ferskate partijen binne fan miening dat wichtige stikken, lykas de ramtnota en de begrutting, yn prinsipe altyd yn it Frysk te sjen wêze moatte op de webside fan de provinsje. Allinnich by it oanklikken fan in Nederlânsk flachje wurdt it stik yn it Nederlânsk sjen litten.

Net alle partijen binne foarstanner fan it idee. Lang net alle ynwenners fan Fryslân binne Frysktalich, wylst alle ynwenners wol Nederlânsk prate, fiere sy oan.


15. De provinsje moat ûndersykje wat dy sels dwaan kin om it brûken fan bestridingsmiddels te ferminderjen.

It tal ynsekten yn de natuer rint flink werom. It brûken fan bestridingsmiddels is dêr debet oan. Om dy reden is it in goede saak as de provinsje ûndersiket wat dy sels dwaan kin om it brûken fan bestridingsmiddels te ferminderjen, binne in tal partijen fan miening.

Oare partijen twivelje oan nut en needsaak fan sa’n maatregel.


16. De provinsje moat foar foldwaande middels soargje om it programma Ytber Fryslân fuortsette te kinnen.

It programma Ytber Fryslân is úteinset om Fryske produkten en ôfnimmers tichter by inoar te bringen. Wichtichste doelstelling fan Ytber Fryslân is om koarte lokale fiedselkeaten yn Fryslân te realisearjen.

Om derfoar te soargjen dat it programma syn doelstelling wiermeitsje kin, is it fan belang dat de provinsje it projekt stipet, binne ferskate partijen fan betinken.

Net alle partijen binne it dêrmei iens. Sy stelle dat Ytber Fryslân al genôch tiid hân hat om him maatskiplik en finansjeel te bewizen. Dy partijen binne fan miening dat Ytber Fryslân sûnder help fan de provinsje ek genôch mooglikheden hat.


17. De subsydzje foar it Fries Museum moat bliuwe sa’t dy is en net ferhege wurde.

By de nijbou fan it Fries Museum is de ambysje útsprutsen dat it museum trochgroeie soe nei 100.000 besikers jiers. Nei in ûndersyk hat bliken dien dat de besteande eksploitaasjesubsydzje foar it museum (2,75 miljoen euro) net genôch is om dy ambysje wier te meitsjen.

Nettsjinsteande binne in tal partijen yn Provinsjale Steaten fan betinken dat de subsydzje foar it Fries Museum net ferhege wurde moat en dat it Fries Museum it mei de hjoeddeiske subsydzje dwaan moat. Oare partijen binne fan miening dat der wol mear jild komme moat foar it museum. It museum spilet in grutte rol by it befoarderjen fan kultuertoerisme, fiere sy oan.


18. De provinsje moat in ‘Senioarekeamer’ oprjochtsje dy’t advys jout oan de provinsje oer âldereinbelied.

Der is hieltyd mear fergrizing yn de provinsje. Ferskate partijen binne fan miening dat it om dy reden ferstannich is om in saneamde ‘Senioarekeamer’ op te rjochtsjen. Dat is in advysorgaan dêr’t âlderen yn fertsjintwurdige binne om frege en net-frege advys út te bringen oan de provinsje oer saken dy’t senioaren streekrjocht reitsje. Te tinken falt oan ferfier, wenjen, soarch en berikberens.

Net alle partijen binne foarstanner fan it idee. Sy fine dat in Senioarekeamer net folle taheakket, mei’t yn it belied no al genôch omtinken is foar de belangen fan spesifike doelgroepen lykas âlderen.


19. De provinsje moat in plan útwurkje om ‘It rjocht om út te daagjen’ mooglik te meitsjen.

Fia it ‘rjocht om út te daagjen’ kinne ynwenners fan de provinsje in oanbod of foarstel dwaan om in taak fan de provinsje oer te nimmen. Ferskate partijen yn Provinsjale Steaten wolle dat mooglik meitsje. In foarbyld fan it ‘rjocht om út te daagjen’ is in kafeehâlder dy’t de brêgebetsjinning op him nimt.

De foardielen foar de provinsje binne net inkeld finansjeel, mar benammen maatskiplik, sa fiere de partijen oan. Ynwenners kinne taken útfiere mei in sterke ynbêding yn it doarp, de stêd of de mienskip, bepleitsje sy.

Oare partijen twivelje oan de needsaak fan it ‘rjocht om út te daagjen’. Sy wolle net dat de provinsje de rezjy oer saken út hannen jout.


20. Der moat in nachttreinferbining tusken Grins en Ljouwert komme.

De provinsje Fryslân moat ûndersykje oft der in nachttrein tusken Grins en Ljouwert komme kin, dy’t oanslút op de trein út de Rânestêd wei. Reizgers dy’t op freedtejûn ôfreizgje út de Rânestêd nei Ljouwert ta, moatte op syn lêst healwei alven op Rotterdam sintraal stean. Sy komme dan om ien oere hinne oan.

Reizgers mei de bestimming Grins kinne oardel oere letter noch ôfreizgje, tanksij de nachttrein nei Grins dy’t om likernôch trije oere oankomt. Ferskate partijen wol graach dat op stasjon Grins in oanslutende trein nei Ljouwert stiet, sadat yn Fryslân ek gebrûk makke wurde kin fan de nachttrein.


21. De provinsje moat romte biede oan boeren út it Feangreidegebiet dy’t ideeën hawwe foar lânbou dy’t better by it Feangreidegebiet past.

De boaiem yn it Feangreidegebiet klinkt yn. Dat laat ta boaiemdelgong en de útstjit fan in protte CO2. Mei’t der in protte agraryske bedriuwen yn it Feangreidegebiet binne, binne in oantal partijen fan betinken dat nei de ekspertize fan dy ûndernimmers harke wurde moat by de oanpak fan it probleem.

Dêrneist binne de partijen fan miening dat ûndersocht wurde moat oft en hoe’t boeren holpen binne mei in heger wetterpeil.

Tsjinstanners neame it foarstel oerstallich. Sy stelle dat dy romte al lang bean wurdt en dat boeren op it stuit al genôch heard en behelle wurde.


22. De provinsje moat wynmûnen op lân ek tastean.

De provinsje Fryslân hat hege ambysjes as it giet om de transysje nei duorsume enerzjy. By it behanneljen fan de Omjouwingsfyzje pleitsje ferskate partijen derfoar om wynmûnen op lân ek ta te stean om derfoar te soargjen dat de ambysjes helle wurde.

Oare partijen binne tsjin it foarstel. Sy wolle dat de provinsje fêsthâldt oan in earder beslút dat seit dat de pleatsing fan wynmûnen op lân stopset wurdt.





Bekijkt u deze website het liefst in het Nederlands of het Frysk? Selecteer uw voorkeur.

De huidige voorkeurstaal is:

NederlandsFrysk

Om uw voorkeur later te wijzigen, klikt u op de vlag rechts bovenaan de website.